Tank
It is sa swier
Yn bannen to forkearen.
Hird is it lot
My jown troch God,
Mar 't is de wei des Hearen.
Hy jowt my kreft;
Syn jok is seft;
Mei Him is 't wol to dragen.
Hy draecht myn smert,
Hy treast myn hert,
By tuzenen fen fragen.
Haw tank, o Hear,
Jou Namme ear,
For Jou genede en trouwe.
Lit my mar fest,
En hiel gerest,
Op jo allinne bouwe.